Oerwinning troch de winners

It Fryske hynderras is op ferskate tiden mei útstjerren bedrige. Dizze ôfbylding symbolisearret de oerwinning oer de ûndergong fan it Fryske hynder. Âlle hynsten op dizze ôfbylding binne winners (kampioen) west.

De symbolyk

Ferskate symboalen binne yn 'e ôfbylding opnommen. Guon binne frij dúdlik, guon binne mear ferburgen, en oaren kinne lestich te ûntdekken wêze.

Dit detail lit in ferwelkjende beam sjen yn in leger gebiet. De beam symbolisearret dat it Fryske hynderras ferskate kearen mei útstjerren bedrige is. De rjochterkant fan 'e beam lit trije tûken sjen mei in oerfloed oan blêden. Dizze trije tûken komme út 'e hast deade beam en symbolisearje de weroplibbing fan it ras en de trije hynsten dêr't de hjoeddeiske Fryske hynders fan ôfstamme.

Uterst rjochts op 'e ôfbylding steane trije beammen, folslein in it blëd. De beamstammen symbolisearje dat alle Fryske hynders hjoed de dei ôfstamme fan trije hynste en dat dizze it begjin fertsjintwurdigje fan 'e hjoeddeiske rike stambeam. De blêden symbolisearje de tsientûzenen hynders dy't sûnt de weroplibbing bërne binne.

De rappe galop fan 'e hynders symbolisearret it tempo wêrmei't it ras de wrâld ferovere hat. Yn mar in pear desennia is it Fryske hynder, eartiids hast útstoarn, no yn mear as 80 lânnen wrâldwiid te finen. De hynders skoppe flinke wolken stof op, en litte dúdlike spoaren efter, en net allinnich yn it sân.

De grinsmarkering yn 'e rjochter ûnderhoeke fan 'e ôfbylding symbolisearret de grins tusken Fryslân en de rest fan 'e wrâld. Symboalysk ferlitte ûntelbere Fryske hynders harren heitelân en binne ferspraat oer de hiele wrâld. Under it Fryske wapen is wat Fryske graffiti te sjen: "Lân fan it Swarte Hynder".

De wimpel dy't Willem draacht ferwiist nei de oranje linten dy't de winnende hynsten op it kampioenskip fersiere. It oranje symbolisearret ek de keninklike status fan it Friesch Paarden Stamboek. It blauwe stik mei de goudkleurige liuwen derop makket diel út fan it wapen van Fryslân.

It wapenrusting fan 'e ruter datearret út 'e Renêssânseperioade, wat ferwiist nei de weroplibbing fan it Fryske hynderras. Fryske hynders wurde wol “it swarte goud" neamd, de kleuren fan it wapenrusting komme dêrmei oerien. It wapenrusting symbolisearret ek de keninklike beskerming, de oranje sjerp symbolisearret de kampioenskipslintsjes.

De dramatyske bewolkte loft symbolisearret de roerige skiednis fan it Fryske hynder. Oan 'e lofterkant fan 'e ôfbylding binne de wolken tsjuster, lykas yn 'e drege perioades fan it ras; oan 'e rjochterkant brekt de sinne troch.

Kombinaasjes fan trije binne op ferskate plakken te sjen. Hjir binne trije hynders te sjen mei harren lofter efterpoaten op 'e grûn, harren oare trije poaten binne fan 'e grûn ôf.

De omlisting en de moarmeren ornaminten ferwize nei de 16e iuw, it begjin fan 'e bloeitiid fan it Fryske hynder.

Üterst links en rjochts ûnderoan de ôfbylding steane twa Fryske skylden. It skyld oan ‘e lofterkant is út ferfleine tiden, âld en beskeadige. It skyld oan de rjochterkant is fan dizze tiid, nij en yntakt. De skylden symbolisearje dat it ferline foarby is en dat der foarút sjoen wurdt nei de takomst. 


De titel fan dit wurk is "Oerwinning troch de Winners". "Winners" ferwiist net allinnich nei de hynders, mar ek nei al dy minsken dy't harren ynset hawwe foar it behâld fan it ras. Dit koe net berikt wurde sûnder de tredde kategory winners: de minsken dy't de hynders koften en mei har wurken.

De grutte ôfbylding fan 'e sân hynders befettet 0% keunstmjittige yntelliginsje. Alles is makke troch fotografy, digitaal tekenjen en skilderjen. De ôfbylding kin printe wurde oant sawat 700 x 350 sm, wêrby't alle skerpte fan 'e details bewarre bliuwe.

Lykas earder neamd, kinne kombinaasjes fan trije op ferskate plakken sjoen wurde. Alle ferwize nei de trije kearen dat it Fryske hynder hast útstoarn wie en nei de trije hynsten fan 1913.

Bygelyks:

Trije heit-soan pearen
Trije wite diagonale balken op 'e skylden
Trije puntige útsteksels oan 'e boppekant fan 'e spear
Trije oerienkommende plukjes gers
Trije middelste hynders hawwe harren lofter efterhoeven op 'e grûn, de oare trije hoeven binne fan 'e grûn ôf

It getal sân spilet in histoaryske rol.

Bygelyks:

De sân soannen fan Friso (de nammegenoat fan Fryslân) en de sân Fryske seelânnen út âlde tiden dy't oan dy soannen jûn binne 
De sân Fryske hynsten binne symboalysk ek soannen fan Fryslân
Sân pompeblêden op it skyld oan 'e rjochterkant
Sân ‘balken’ yn blau en wyt op 'e skylden
Sân gouden blokken op 'e wimpel
De sân hynsten wurde rûchwei ôfbylde yn in 2-3-2 formaasje, lykas de sân pompeblêden op it rjochter skyld

Der is mear symbolyk te ûntdekken. Miskien dreger te finen binne bygelyks de glimkjende fokker en de glûpende grinswachter.